Buro de Vries (Podcast) podcast show image

Buro de Vries (Podcast)

Omrop Fryslân

Podcast

Episodes

Listen, download, subscribe

Plysje Kees Bangma: de 'nationale politie' is mislearre

Nei 47 jier nimt plysjekommissaris Cees Bangma ôfskied. Hy sjocht werom op in fariearde karriêre binnen it korps dêr't troch de jierren hinne hiel wat re-organisaasjes wiene. Bangma waard bekind yn Fryslân troch de dea fan Meindert Tjoelker. Hy wie de inisjator fan de stille tocht yn de wike neidat Tjoelker stoarn wie neidat hy op de Nijstêd yn Ljouwert mishannele wie, Yn syn 47 jierrige karriere hat hy op in hiel soad plakken yn it plysje-apparaat sitten. Al gau yn liedingjaande funksjes. Dat hie ek te krijen mei it grutte tal re-organisaasjes by de plysje. Foar de karriere fan Bangma wie it net ferkeard. En de feroarings yn de jierren 90 fynt hy noch altyd in goeie stap. De gemeenteplysjes en ryksplysje kaam by mekoar yn de Regionale plysje. Mar de foarming fan de nasjonale plysje is mislearre, fynt hy. Dy is te burokratysk en stiet te fier fan de gewoane minsken ôf. Neffens de âld kommissaris nimme systemen en protokollen de rol fan de professionals oer. Neffens him is it tefolle nasjonale plysje en is der fierstente min omtinken foar de lokale plysje. By de regionale plysje wie der in balâns, mar dy is no fuort..

Buro de Vries (Podcast) RSS Feed


Share: TwitterFacebook

Powered by Plink Plink icon plinkhq.com