Buro de Vries (Podcast) podcast show image

Buro de Vries (Podcast)

Omrop Fryslân

Podcast

Episodes

Listen, download, subscribe

Teäterkolleezje fan Aukje Nauta oer 'bully' gedrach

Professor doktor Aukje Nauta, hikke en tein yn Ljouwert, is ien fan de wittenskippers dy't meidocht oan in teätertour fan 'de Universiteit van Nederland". Yn teäters yn it hiele lân jouwe trije wittenskippers per kear in ynteraktyf kolleezje, allegear mei in soad humor oan elkoar praten troch comedian Fuad Hassen. Aukje Nauta studearre arbeids- en organisaasjepsychology, promovearre dêr ek op en is no bysûnder heechleraar oan de universiteit fan Leiden. Ofrûne tongersdei stie se op it poadium fan de Harmonie yn Ljouwert. Se fertelde yn tweintich minuten oer grinsoerskriedend en pesterich gedrach op de de wurkflier. It Buro frege har om dat selde kolleezje ek by ús te jaan, mar dan yn Frysk. In fraach dêr't Aukje Nauta hiel entoesjast op reagearde. Dêrom, eksklusyf foar Buro de Vries it wittenskipskolleezje "Hoe giest om mei de 'bully' (yn dysels)"

Buro de Vries (Podcast) RSS Feed


Share: TwitterFacebook

Powered by Plink Plink icon plinkhq.com