Buro de Vries (Podcast) podcast show image

Buro de Vries (Podcast)

Omrop Fryslân

Podcast

Episodes

Listen, download, subscribe

Henk Kluitenberg skreau syn autobiografy: 'niet normaal, zo normaal' oer syn spiersykte

Henk Kluitenberg fan Nijeberkeap skreau syn autobografy mei as titel 'Niet normaal, zo normaal'. Hy makke de presintaasje sels net mear mei. Hy ferstoar op 17 augustus op 52-jierrige leeftyd yn it UMCG yn Grins. Op himsels wie it al in wûnder dat 'er dy leeftyd helle, want syn libbensferwachting wie mar fjouwer jier fanwege de slimme spiersykte SMA-1. Henk's favorite band wie Normaal en harren liet 'Deurdonderen' hearde er it leafst. Dat 'deurdonderen' soene je eins ek wol sjen kinne as de reade tried yn syn libben: Altyd trochsette en altyd tinke yn mooglikheden. Henk hat, net tsjinsteande syn beperkingen, de 52 jier fan syn libben nea yn in ynstelling wenne. Heit Piet en mem Sietske stelden harren libben folslein yn tsjinst fan Henk en mei stipe fan broer Bert en in soad oaren is it him slagge mear út it libben te heljen dan wat ea ferwachte wurde koe. De wenning yn Nijeberkeap waard sa oanpast dat Henk by syn âlders thús wenje koe en mei (benamme) mem altyd yn de buert wie de soarch 24 oeren deis fersekere.  

Buro de Vries (Podcast) RSS Feed


Share: TwitterFacebook

Powered by Plink Plink icon plinkhq.com