Buro de Vries (Podcast) podcast show image

Buro de Vries (Podcast)

Omrop Fryslân

Podcast

Episodes

Listen, download, subscribe

Draachmem Christa fynt it prachtich om te sjen hoe't Bastiaan en Sander heit wurden binne, mei troch har help

Bastiaan en Sander binne tige lokkich mei lytse Maeson. It stel is al fiif jier troud en hie in grutte bernewinsk mar dat giet net sa makkelik. Nei in twadde oprop op Facebook kamen se yn kontakt mei Christa dy't wol draachmem wêze woe foar har. It klikte en trije moanne nei de oprop op Facebook wie Christa yn ferwachting fan in jonkje. Maeson is berne op 21 oktober 2023 en sa sûn as in fisk. Christa, Bastiaan en Sander sjogge mei grutskens en bliidskip werom op it hiele trajekt. Yn dizze podcast moetsje wy Christa, Bastiaan en Sander as Christa goed acht moannen swier is en nei de berte fan Maeson moetsje wy har nochris.  

Buro de Vries (Podcast) RSS Feed


Share: TwitterFacebook

Powered by Plink Plink icon plinkhq.com