Buro de Vries (Podcast) podcast show image

Buro de Vries (Podcast)

Omrop Fryslân

Podcast

Episodes

Listen, download, subscribe

Fleur vd Bij skriuwt biografy oer 'Loesje'

"Wy wiene de earste en iennige wyldplakkers yn Tsjalbert" laket Fleur van der Bij as se fertelt oer har konneksje mei 'Loesje'. It fleurige, eigewize en positive posterfamke is berne yn 1983, doe't it aktivisme yn Nederlân heechtij fierde. Fjirtich jier letter ferskynt de biografy, skreaun troch Fleur van der Bij, dy't tsjintwurdich yn Grins wennet. "Yn de jierren '80 wiene der in soad demonstraasjes en aksjes. Mar alles wie negatyf: 'Weg met de bom', 'stop kernenergie', 'nee tegen kruisrakketten'... In groep aksjefierders yn Arnhem betocht oan de keukentafel fan har wengroep dat it oars moast. Dat it positiver moast". Dat betjut de berte fan Loesje en al gau binne de posters mei spreuken as Leven is het meervoud van lef, Aan het eind van m'n zakgeld houd ik altijd een stuk maand over en Tip: stem op een idee niet op een premier troch hiel Nederlân te finen. Ek yn Tsjalbert, dêr't Fleur en har freondinne mei posters en behangplaksel oan'e slach gean. Yn dizze podcast giet Geartsje de Vries mei Fleur van der Bij werom nei Tsjalbert dêr't har fassinaasje foar Loesje begûn.

Buro de Vries (Podcast) RSS Feed


Share: TwitterFacebook

Powered by Plink Plink icon plinkhq.com